Yn Fryslân Bleaun
Muzyk: Jelte Posthumus en Lammertjan Dam
Tekst: Jelte Posthumus
Ik bin altyd ûnderweis, myn hiele libben is in reis
nei wûnderlike stêden, nei fiere, frjemde lannen
ûnderweis
Ik haw fan it libben preaun
mar wie ik mar yn Fryslân bleaun
Ik haw in hûs bout yn it doarp
twa doarren fierder as ús heit-en-dy
Ik wenje der allinnich, mei myn hûn en mei myn katten
tichtby ús heit-en-dy
mar hjoed haw ik yn myn deiboek skreaun
werom bin 'k eins yn Fryslân bleaun?
~ De dagen binne oeral like lang
mar nearne fiel ik my senang
De moanne skynt oeral itselde ljocht
Mar ik haw nea fûn wat ik socht
Ik mis It Waad, ik mis ús mem
ik mis it wetter, ik mis har stim
de greiden efter hûs, de pingo's yn it lân
ik mis ús mem
Ik haw de tiid foar my út treaun,
mar wie ik mar yn Fryslân bleaun
Ik bin gjin man fan de wrâld
dat reizgjen lit my kâld
Ik bliuw leaver yn myn nêst, dan bin 'k op myn bêst
dit is myn wrâld
mar wat is dat eins oerdreaun,
wêrom bin 'k eins yn Fryslân bleaun?
~ De dagen binne oeral like lang
dus wêrfoar bin ik dan sa bang?
de moanne skynt oeral itselde ljocht
ik gean hjir wei, ik haw myn nocht
De greiden, de pingo's, it Waad en ús mem en it wetter har stim, ik kom wer thús
myn hûn en myn katten, ús heit en ús mem, de minsken fan't doarp swaaie my út
Mei de koffer yn de hân, Fryslân ik kom werom
Mei de koffer yn de hân, Fryslân ik gean hjir wei
Mei de koffer yn de hân, mem jou my in tút
Mei de koffer yn de hân...
hartstikke moai jelte jonge...Tom Waits is der neat by...
BeantwoordenVerwijderenIk sil wol ris even harkje. Ik mei dat allinnich net op myn wurk dwaan.
BeantwoordenVerwijderen