It Doarp op Aaipop 2012
Ik Bin De Stêd
It hout wie droech
en it fjoer gie hurd,
mei de gong fan in
dief yn 'e nacht
en in mes yn it
liif.
Ik woe't ferjitte,
ik haw it besocht,
myn ferline om 'e
nocht,
mar it spoek fan
myn ferline hat my nea wer ferlitten.
Myn peallen binne
ferskûle,
ûnder lagen fan
tiid.
It spoar fan in
binde,
dwerstroch myn
hert,
en in stik út myn
siel.
It spoar út it
sicht, ûnder bulten stien,
dat hat de oarloch
mei my dien,
mar it spoek fan
myn ferline hat my nea wer ferlitten.
Ik diel de
wien (hy dielt de wien)
Bin ik echt
wurch? (is hy echt wurch?)
Myn lekkende
dakken, myn drokke strjitten,
sizze fan wol.
Ik bin in tiran,
mar in slaaf bin ik ek,
ik bin in swerver,
ik bin in bêrn,
ik haw neat, hja
nimme my de 'self made man'.
Op myn poarte
stiet myn namme,
foar myn minsken
haw ik my skamme,
mar it spoek fan
myn ferline hat my neat wer ferlitten.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten